Finaleplak yn sicht foar pelotefroulju Mantgum
Nei de twadde ronde stiet Mantgum goed yn de race foar it finaleplakje. Op it moment stean se namelik earste yn de kompetysje en mei allinich Wiuwert-Britswert noch te gean, moat dit earste plak behalden wurde kinne. Juster wie de belangryke wedstryd tsjin Winsum. Disse fun plak yn Littens op it plein. En nei jieren elke kear dik ferlieze waard dit jier eindelik op it niveau keatst sa at Mantgum dat kin. Sawol op as ut degelik en sterk. En ek de praatsjes soarchen foar de nediche punten. Mar ek at Mantgum op syn sterktst is, is Winsum net in ‘kat in’t bakkie’. Der waard om in soad punten keatst en it gie gelyk op. Toen it 8 – 5 6 – 2 foar Mantgum stie koe it hast net mear mis gean. Dat gie it echter wol en binnen in mum fan tiid wie it wer 8 – 8. Mantgum liet Winsum noch efkes oan de oerwinning snuffelje, mar nei disse stan knalde Mantgum sunder folle tsjinpunten troch nei de oerwinning: 10 – 8. Mantgum stiet no boppeoan yn de kompetysje mei 20 earsten, Winsum hat 18 en Littens 12. Wiuwert hat no 6 punten. Kommende tiisdei de letste kompetysjewedstryden en dan tongersdei 10 juny op’e Terp yn Wiuwert de finales en de partij om degradaasje. Sa at it no stiet moatte we Wiuwert-Britswert oanmoedigje sadat se yn de A-poule keatse bliuwe kinne en moatte úse dames oanmoedige wurde om it kampioenskip te winnen. Derom disse wike de oprop om oare wike tiisdei yn Mantgum te komme sjen by de derby tsjin Wiuwert-Britswert. En net minder belangryk, kom tongersdei úse froulju nei in kampioenskap ta raazen!
Geplaatst op 02 June 2010